“Ús mem – in libben.”

Voorwerp: Ús mem har hûs

Peter Visser Houtwallen 3 - Nieuwehorne Plan je route

Ús mem, fan 1922 – in Skeveninkske, nét Den Haag, dat is wat oars, dat wie belangryk – hat sawat oeral yn it lân wenne. Fan Scheveningen nei Den Haag, verplichte evakuaasje om’t de Dútsers yn Scheveningen V2 raketten ôfsjitte woenen. Dan noch y’e oarlog nei Brabant – Breda, houlik, in fersetsfamylje. Hilvarenbeek. En de rest fan’e oarloch yn it súden. Ús mem waard koerierster. Op’e fiets troch de linies. Op in dei in razzia. Har skoanheit, Laurens de Bruin, deasketten. Ús mem springt út in fenster op’e twadde ferdjipping. Brekt in skonk. Untkomt dochs omdat “goede vaderlanders” har gau op in ledder nei it sikehûs bringe. De Dútsers sykje har. Komme ek yn it sikehûs, sykje om in frou mei in stikkene skonk. Mar de dokters ha neat oan’e poat dien, mei sin, ynsté derfan in búkwond neimakke. De Dútsers geane oan har foarby, fine har net.

Ús mem komt by de BS fan prins Bernhard. Kint kopstikken út it ferset. It lytse frommiske is in held en krijt fan Wilhelmina persoanlik in medalje. Jierren letter noch it Verzetskruis. Se praat der net in soad oer. It spriek fansels. Soks diene je gewoan. Mar wat hie hja jierren letter noch in wille as se fertelde fan Keningin Wilhelmina, dy’t de fersetsminsken brúne bôle oanbead! Elts krige ien stikje en doe belânne de skaal wer by de Willemien, dy’t de riante rest ophaffele!
Of hoe’t se by de befrijing fan Breda fan Walek en Kasjek, twa Poalske soldaten, in hierboarstel en in koekepan krige, saken dy’t se jierren letter beide noch hie. Dát wiene de ferhalen fan ús mem, net fan heldendaden.

Dan de grutte stêd, Amsterdam. Troch har houlik mei de keunstskilder Frank de Bruin ferkeart sy ek yn keunstnersfermiddens. Kent Karel Appel, mar dy freget foar in skilderij wol 100 gûne. Fiersten te djûr. Mar se hat wol in Willy Boers, en Gerard Sluyter wol myn portret wol skilderje. Se skriuwt foar it tiidskrift Mandril.

Fan 1960 oan’t har dea wenne se yn Fryslân. Hjirre. Yn dit hûs, dat no mines, mar yn myn tinken noch altiid harres is. Hielendal frijwillich wie it net. Kees, har man, har twadde man, hie in oar. Ús mem, en wij, de trije bern, moasten út de wei. De hear Bleeker wenne hjirre, hy woe wol nei Amsterdam en hie in adfertinsje setten. It wie in frjemd hûs. It lei noch oan in sânreed ek, de Houtwallen wiene der noch net. Modder yn’e hjerst, beferzen klúten yn’e winter, net troch te kommen. Stowe yn’e simmer. Bleeker ferhierde keamers yn it efterhûs. Midden yn’e gong siet de wc. En derneist in douche. Foar Bleeker sels, en foar de hierders. Om fan foar nei efter te kommen, moesten je troch in doar, dan oer de pot stappe, dan wer in doar, troch de douche, wer in door. En oeral wie hurdboard, der wie dy man skynbar gek op.

“Yn dit geitenhok wol ik net wenjen, sei ús mem. Mar sa kaam it al. Sy learde fan dit lân te hâlden. It hûs, de grutte wylde tún, it waard har al gau dierbaar. En wy as bern taalden al hielendal net mear nei Amsterdam.

je bent welkom op 26 januari tussen 19:00 en 22:00

Bekijk de verhalen

Welke verhalen werden verteld op 26 januari?