De ûngetiid yn It Lege Midden

Voorwerp: Ungetiidzje

Ultsje Hosper Selmien East 47 - Ureterp Plan je route

De ûngetiid, de haaiïnge yn It Lege Midden wie eartiids foar de boeren in tige drokke tiid. Blom- en krûdenrike bûtlannen en simmerpolders waarden mei help fan hantsjemieren en haaiers, meand en haaid, it hea yn reakken set en sawol mei de pream as oer de heawei nei de buorkerij ferfierd. It hichtepunt fan de haainge fûn plak yn de heamoanne (july). Yn de ûngetiid by it haaien waard in metoade tapast en ark brûkt dat no allinnich noch mar yn musea te finen is en yn ferhalen brûkt wurdt, sa as haailân, haaier, haaifeart, swylje, tiemje, yn’e reak sette, weidloegje en it ûngetidershynder. Mar mei it ferdwinen fan de healannen binne ek de fegetaasjes, planten, krûden, blommen en fûgels fan dy tiid foar in grut part fedwûn, sa as blaugerzen, bûtlânnen, djerreblommen, siggen, rusken en fansels de greidefûgels. Der wurdt wol sein dat mei it ferdwinen fan de taalrykdom ek de biodiversiteit efterút giet. Dat is oan de histoarje fan it ûngetiidzjen fan de healannen goed te sjen.

It ferhaal sil plakfine yn de St. Pitertsjerke fan de Protestantse gemeente It Keningsfjild, Selmien-oost te Ureterp, op 26 jannewaris, fan 20.00 oant 22.00 oere, mei in heal oere skoft.

je bent welkom op 26 januari tussen 19:00 en 22:00

Bekijk de verhalen

Welke verhalen werden verteld op 26 januari?