It jonkje mei de tomahawk

Voorwerp: Tomahawk

Sybren van der Velde Buorren 28 - De Rottevalle Plan je route

Myn namme is Sybren van der Velde, ik bin sechtjin en ik wenje yn it lytse doarpke dat De Rottefalle hjit. Ik bin ea bêrne yn De Haach, mar ús heit is in Fries, en lykas by hast eltse Fries om útens it gefal is, wie it  langstme nei de provinsje te grut, en sadwaande binne wy werom ferhûze nei Fryslân doe’t ik fjouwer wie. Myn âlden binne fanatyke reizgers, se hâlde derfan om de úthoeken fan de wrald op te sykjen, en déroer giet myn ferhaal.

Yn myn jonge libben haw ik treie kear in reis makke troch Amearika, it lân wér alles grut is, teminsken, as’t de standerten fan ús lân went bist. Ûnder de doer fan dy reizen binne wy sawat eltse grutte stêd en steat bylâns west: fan New York oant Los Angeles en fan Las Vegas oant New Orleans. Mar gjin inkeld plak hat sa’n yndruk op my makke as it eachferblynend moaie Monument Valley, dat yn it súdwesten fan Amerika leit. Ik wie in jonkje fan sân, miskien acht, doe’t wy mei de famylje telâne kamen yn dit woestynlânskip. Nea hienen myn eachen soks moais sjoen: rotsen yn alle prachtige foarmen, oeral wérst sjen koest… It wie der ferotte waarm, wit ik noch, sa’n 38 graden, midden yn ‘e simmer. En it wie der droech, sa ferskriklik droech.

Myn âlden hienen in rûnlieding regele, eat wat ik persoanlik nochal stom fûn. Ik wie in jonkje dat folle leaver sels op ‘e strûn woe, en dy’t sels alle dingen ûntdekke woe. Mar goed, jonkjes matte nei heit en mem lústerje, dus ik folge mar gewoan. Mar nei in lyts healoerke hie ik der hielendal gjin nocht mear oan, dus beslêt ik dat ik fuort woe. Ik ferstoppe my efter in grutte stien doe’t heit en mem net seachen, en gong op aventoer út. Libbensgefaarlik fansels, mar as’t sân bist, tinkst net oer dat soart dingen nei. Doe’t ik in kertier op ‘e strûn wie, krych ik toarst, en woe ik werom nei mem en heit. Op dat stuit ûntduts ik dat it hielendal net sa maklik wie om se werom te fynen, sa, yn in ûnbekind lân. Gûlend fan de panyk gong it op in stien sitten, doe’t ik opiens in hân op myn skouder fielde. It wie de hân fan in jonkje, in bytsje âlder dan my, in Navajo-indiaan. Om’t myn mem Ingelsk is, koe ik him útlizze dat ik myn âlden kwyt wie. Hie naam my mei nei in soart sentraal punt foar toeristen, wér’t, lokkigernôch, myn âlden stienen te wachtsjen. Wat in opluchting. It indianejonkje joech my leitsjend syn tomahawk, dy’t wierskynlik út de soevenierwinkel kaam, mar dat makke neat út, it gong om it idee.

En tsjinwurdich leit dyselde tomahawk op myn keamer, as oantinken. Wat is de jeugdige ûnskuld ek moai.

je bent welkom op 26 januari tussen 19:00 en 22:00
2018verhalen

Bekijk de verhalen

Welke verhalen werden verteld op 26 januari?