Ûnderweis

Voorwerp: Kuierskuon

Johan Anema Frisia 36 - Franeker Plan je route

Yn 2017 ha ik nei sa’n 38 jier wurkjen in heal jier frei han. Ik bin yn dat skoft te rinnen west. De earste stikjes fan Swarte Hoarne oan’t Mildaam fanút hûs, dernei else dei fierder rinne mei de tinte op ‘e rêge. De rjochting wie Santiago de Compestella, al ha ik oan’t midden Frankriik sein: “ik sjoch wol wer ik myn nocht haw”.
Ik hie einliks al nei twa dagen myn nocht, mar bin doe toch mar troch rûn. De ferwachte sociale ôfgong wie my ûnder oaren te grut.

Nei Luik wie de somstiden opkommende diskusje yn myn holle mei in ûndergrûn fan begrutsjen mei my sels wol oer. Moarns rûn ik fuort, reinde it dan reinde it, wie it hjit dan wie dat wat it wie. It wyne noch wol saken fan belang, mar net om de rintocht sels noch ter diskusje te stellen. De skema’s foelen fuort en it grutte rinnen wie doe wier begûn. Fan sliepe yn it wyld oan’t by leafe minsken ite en in oernachtingsplak, alles kaam wol lâns. Úteinliks bin ik fjouwer moarne ûnderweis west en nei sa’n 3000 km rinne yn Fisterra bedarre.

Myn ferhaal gjit oer de faaks alderaardichste minsken, de natûr, it waar en myn tinzen ûderweis.

je bent welkom op 26 januari tussen 19:00 en 22:00

Bekijk de verhalen

Welke verhalen werden verteld op 26 januari?