it Bûthúsbankje

Voorwerp: it Bûthúsbankje

Akkrumer verhalen vertellers van jong tot oud Dringelstrjiite 13 - Akkrum Plan je route

De 15 leden fan “it Bûthúsbankje “ komme yn it jier ûngefear 25 kear byelkoar.
Elke Moandeitemoarn yn de maitiid en yn de hjerst sitte we dan smûk yn “de Lantearne” en fertelle ús ferhalen’, oer eartiids, mar ek oer wat we tinke en oer dat wat ús dwaande hâldt.
Fan dy ferhalen meitsje wy soms in presintaasje, en sa no en dan komme we dêrmei foar it ljocht.
Sa wiene wy op de basisskoalle, om te fertellen oer it libben fan de bern yn Akkrum en Nes yn de oarlochsjierren.
Tegearre mei it “jongeren toneel” ha wy in foarstelling jûn foar in 4 maaie betinking, en ha in winterferhaletocht holden yn Akkrum.

Doe’t wy hearden fan de plannen fan Tryater krigen we sin om dêr oan mei te dwaan.
Freed 26 Jannewari komme we yn “ De Terptsjerke ” en yn Leppehiem Mienskipssintrum (Leppedyk 37) om dêr ferhalen te fertellen. Troch middel fan affiches freegje we minsken om mei te dwaan en ek harren ferhalen mei ús te dielen.

Mear koarte ferhalen, we wikselje elkoar ôf en it programma is tusken 19.00 en 21.00 oere.

je bent welkom op 26 januari tussen 19:00 en 22:00

Bekijk de verhalen

Welke verhalen werden verteld op 26 januari?