In gewoane kompetysjejûn

Voorwerp: Frouljusbiljertferiening It Blauwe Krytsje

Biljertferiening It Blauwe Krytsje De Streek 9 - Alde Leie Plan je route

Alle freedtejûnen biljerte de froulju fan Biljertferiening It Blauwe Krytsje yn it doarpshûs Us Gebou yn Alde Leie foar de kompetysje. Oan ’e stamtafel wurdt mei it sicht op ’e opienfolgjende biljertpartijen de foarbije wike trochnommen en wurdt foarútsjoen nei de kommende wike. Dêrby komt der fan alles oan ’e oarder. Grappige foarfallen, fleurige foarfallen, tryste saken, smoute ferhalen, sterke stikken…

Dizze freedtejûn kin wa’t wol oanskowe oan ’e stamtafel en meilústerje nei de ferhalen en meiprate, oer biljerten en oare saken. Hoe lang duorret ús ferhaal? De doar giet om 19:30 oere iepen, it biljerten begjint om 20:00 oere en duorret yn elk gefal wol oant 22:00 oere.

je bent welkom op 26 januari tussen 19:00 en 22:00

Bekijk de verhalen

Welke verhalen werden verteld op 26 januari?