it thé-húske fan frou Banga en de rjeameleppel

Voorwerp: it thé-húske fan frou Banga en de rjeameleppel

Jeanette Westra en Frâns Visser Voorstraat 35 - Franeker Plan je route

Yn Museum Martena fertelle… Jeanette Westra en Frâns Visser

It wie yn 1914 doe’t pake en beppe yn ûndertrou gongen. Pake wie skûtsjeskipper en hie yn it begjin gjin sint omhannen. Mar hy wie wiis mei syn Janke en joech har een sulveren rjeameleppel doe’t se trouden. Mei ynskripsje noch wol: J.F.’14. Mar goed en wol troud leine se yn it spoardok yn Snits. Beppe Janke die de ôfwask by gelegenheit bûtendoar. Se wie klear en smiet it smoarge wetter yn it spoardok. Mar yn een skyn seach se ek har skoandere rjeameleppel yn it wetter ferdwinen. Se wie der sa raer fan dat se har jongkeardel it earst net doarde te fertellen. Hoe’t pake Frâns reagearde is net bekend, mar it slimste wat ik ea fan him heard haw is: fergemie, men soe flokke.
It moat sa’n jier as tsien letter west ha. Pake en beppe leinen mei it skip by Grauwe Kat by Arum. Se leinen mei trije skûtsjes byelkoar en wienen sneintemoarn meielkoar yn Arum nei’t tsjerke west. It wie sinneskyn waar. De bern boarten mei elkoar en ien fan de froulju hie de kofje ré.
Ien fan de skippersfroulju sjocht nei it ark en seit: wateen nijsgjirrig rjeameleppeltsje hast der. Beppe Janke stiet op skerp. Ja seit de 3e frou: dy hat myn skoan heit by it hekkeljen foun. Ho seit beppe Janke: efter op dat leppeltsje stiet: JF’14.
Dy bin Ik kwytrakke yn it spoardok yn Snits nei it ôfwaskjen. Elts wie efkes stil fan beppe har útfal. It leppeltsje wurde bestudeare en beppe gong eintsje beslút mei har sulveren leppeltsje werom nei har skûtsje.

Leppeltsje is yn it besit en it ferhael is wier bard.

je bent welkom op 26 januari tussen 19:00 en 22:00

Andere verhalen in deze straat:

‹ Terug naar overzicht

Bekijk de verhalen

Welke verhalen werden verteld op 26 januari?