Ferhalen en muzyk yn tsjerke

Voorwerp: Diversen

Reina Rodina Buorren 42 - Tietjerk Plan je route

Tytsjerkers Giny Bastiaans-Yedema, Jansjet de Vries-van der Werff en Reina Rodina fertelle elk in ferhaal yn ‘e tsjerke yn Tytsjerk.

Giny: “Us heit hat yn 1940 tsjin de Dútsers fochten op de Grebbeberg. Ik ha him wolris frege hoe’t dat wie. Ik woe witte hoe’t dat fielt at der sa’n grut leger op je ôfkomt en dat je dan je lân ferdigenje moatte. Dat wie doe foar my de Grutte Oarloch: de gefjochten op de Grebbeberg en op de Ôfslútdyk en it bombardemint op Rotterdam. Letter fûn ik by de ferhuzing fan ús heit en mem nei in fersoargingstehûs it soldateboekje fan ús heit. Mei it stikje lead deryn, foar it gefal de soldaat omkaam. Dat boekje is it begjin fan myn ferhaal hjir.
En dat boekje wie ek it begjin-idee foar ‘It Paad nei Frijheid’, de foarstelling dy’t we yn 2016 yn Tytsjerk opfierd ha.”
Foarwerp: It soldateboekje fan ús heit.

Jansjet: “Yn Ryptsjerk wie der in mantsje dy’t tige knopedraaie koe. No witte guon minsken miskien net wat knopedraaien is, mar in knopedraaier is net hielendal earlik. Sis mar: in fantast. Dit mantsje wie operearre oan syn eagen. Hy fertelde dat oan pake Lammert. Hy joech in wiidweidich ferslach fan dizze operaasje en sei: “Se ha myn eagen der allebeide úthelle. Wier Lammert, ik seach se lizzen op it tafeltsje.” No, dit wie wol hiel fantastysk!”.
(It ferhaal ‘De Fantast’)
Foarwerp: It boek ‘It is stjerrend wier, heite’.

Reina: “Ik bin krekt werom út Bangladesh, in oare kultuer, oare lûden, oare libbensstyl. Mar dochs ek itselde as hjir. Ik sil it nûmmer spylje (mei ûndersteuning fan de fioele) en útlizze wêrom ik dit skreaun haw. Ek fertel ik oer de link tusken Bangladesh en Fertellendeweis, it International ArtCamp Tytsjerk yn 2018 (ynfo: www.artcamptytsjerk.nl).”
Foarwerp: myn fioele.

Tusken 19:00 en 22:00 oere fertelle Giny Bastiaans-Yedema, Jansjet de Vries-van der Werff en Reina Rodina trochrinnend ferhalen en wurdt der ek muzyk makke.

je bent welkom op 26 januari tussen 19:00 en 22:00

Bekijk de verhalen

Welke verhalen werden verteld op 26 januari?