sterke ferhalen en kroechferhalen út Marrum

Voorwerp: (ald) Marrumers

Herberg Godot Kerkpad 10 - Marrum Plan je route

2018ferhalen? Marrum is derby!
Op freed 26 jannewaris is de âlde Beukerskoalle fan Marrum iepen foar sterke ferhalen en kroechferhalen. Tsjintwurdich is yn ‘e eardere beukerskoalle in herberch fêstige.

Dus kom en sko gesellich oan tusken 19 en 22 oere, foar in ferhaal oan ‘e bar of stamtafel fan Herberg Godot (Kerkpad 10, Marrum).

Sterke ferhalen
Wit jim noch fan…. Sjeik Kees, Jan Duveltsje, Thys Par, Oane Gruuske of Stikel? Sterke ferhalen komme faak it bêste los yn in goede sfear. Njonken ferhalen út it ferline, is der ek alle romte foar sterke en moaie ferhalen fan no.

Bisto in (ald)-Marrumer of bist wol benijd nei sterke ferhalen út us doarp? Dan bist fan herte wolkom yn ús sfeerfolle herberch!

Mear ynformaasje? Nathal Prins, 06-36148926 of p.prins73@upcmail.nl

je bent welkom op 26 januari tussen 19:00 en 22:00

Bekijk de verhalen

Welke verhalen werden verteld op 26 januari?