2018verhalen

Freedtejûn 26 jannewaris moetet hiel Fryslân elkoar yn winterwaarme sfear om ferhalen te fertellen en nei te harkjen. Yn musea én by minsken thús. Persoanlike ferhalen, ferbûn oan foarwerpen dêr’t de ferteller in bysûndere wearde oan hechtet.

In spannende leginde, in persoanlike foardracht, in ferhaal oer in foarwerp.  It kin allegear.

OER IEPENINGSWYKEIN • 26 EN 27 JANNEWARIS 2018

De iepening fan it kulturele jier Leeuwarden-Fryslân 2018 is sûnder dy net kompleet. In nij tiidrek kin allinne ynlaat wurde troch minsken dy’t leauwe dat elkenien wat betsjutte kin foar elkoar en de wrâld. Spring yn de trein, de bus, de auto of op de fyts om derby te wêzen! Belibje op 26 en 27 jannewaris mei ús de ferbylding fan de dream fan ús Iepen Mienskip. Waar of gjin waar!

De Jûn fan 2018 Ferhalen
Wannear is dy Iepen Mienskip eins slagge? Dy fraach hat Tryater oan in soad belutsenen steld. It antwurd? ‘As it slagget om écht nei elkoar te harkjen.’ Dat begjint op freedtemiddei om 12:00 oere, wannear’t alle bern út Fryslân mei elkoar sjonge, en giet troch op de freedtejûn: Alle musea yn Fryslân -fan Skiermûntseach oant Aldemardum en fan Surch oant Appelskea- mar ek bewenners sette har doarren iepen om dy te fertellen watfoar ferhaal oft se graach meinimme wolle nei de takomst en wêrom.

Hoe moai sil it wêze om hiel Fryslân op 26 jannewaris gûnzje te litten fan de ferhalen. Ferhalen dy’t de harkers ûnthâlde sille, om’t it in moai ferhaal wie of miskien om’t der bysûndere moetingen op bysûndere plakken wienen.

It jier yn in dei
Sneon zoome we yn op de stêd Ljouwert. Oerdeis rinst likegoed binnen as bûten dwers troch ympresjes fan it hiele jierprogramma. Yn de jûn nimme de spanning én it mei elkoar wêzen ta. It gûnzet troch de stêd, it leven wurdt lûder. Op ferskillende pleinen yn Ljouwert komme alle minsken by elkoar, ûnder metershege Aldehou-tuorren.

Professionals en amateurs folje al dy pleinen op in yndrukwekkende manier mei teater, dûns, sang en muzyk. De pleinen binne troch de muzyk en projeksjes mei elkoar ferbûn. Harkest, sjochst en bist ûnderdiel fan it hiele gehiel.

We wurkje ta nei it liet Seis oere thús fan Nynke Laverman en Sytze Pruiksma dêrnei’t de klokken liede. Net inkeld yn Ljouwert, mar yn hiel Fryslân, om sa it begjin fan dit bysûndere jier yn te lieden.

Credits
It artistike team ûnder lieding fan Ira Judkovskaja bestiet út Tatiana Pratley, Inés Sauer, Peter Sijbenga, Jan Ros, Linda Eijssen, Sytze Pruiksma en Nynke Laverman, Koos de Vries, Mr. Beam en Noord Nederlands Orkest. Dêrneist wurkje koaren, brassbands, fanfaren, orkesten, dûnsgroepen en in hiel soad oaren mei oan It Iepeningswykein.

Mei mooglik makke troch ING en de lr. Abe Bonnema Stichting

FAQ

Ik kin net goed ferhalen skriuwe, wat no?

In tip: skriuw jo ferhaal op sa’t jo it oan jo buorfrou fertelle soenen. 100 oant 300 wurden is al genôch.

Der docht fierder noch net ien yn myn doarp mei, kin ik wol meidwaan bliuwe?

Fansels! As jo wolle dat mear minsken út jo doarp meidogge, kinne jo sels ek minsken freegje om mei te dwaan!

Mei ik ek mei in oar in ferhaal fertelle?

Fansels!

It past net yn myn hûs, mei it ek yn it doarpshûs/ kafee/ buorlju/ biblioteek/ yn in museum?

Jawis, as jo op in oar plak jo ferhaal fertelle wolle, is it handich om foar jo oanmelding dêr ôfspraken oer te meitsjen. Dan kinne jo by jo oanmelding it adres fan it fertelplak opjaan.

Ik wol graach meidwaan as fertelplak (doarpshûs/tsjerke/kafee/ ensf.). Hoe jou ik my op?

Mail nei info@2018verhalen.frl mei dyn ynformaasje en dan sette wy dy op de webside.

Wat makket dizze jûn ûnderskiedend?

In soad musea en partikulieren dy’t gearwurkje en tagelyk iepen binne. It Iepeningswykein is mar 1 kear, it is de earste stap foar it kulturele jier 2018 en hiel Fryslân sil gûnzje fan de ferhalen.

Is der ek promoasjemateriaal? Wannear krij ik dat?

Ja, as dat beskikber is, stjoere we dat op en wurdt it op û.o. de side publisearre.

Mei wa kin ik kontakt opnimme foar fragen?

Fia info@2018verhalen.frl kinne jo alle fragen stelle.

Kostet it jild om mei te dwaan?

Nee, meidwaan is fergees.

Hoe kin ik myn ferhaal oanpasse/ôfmelde?

Troch te mailen nei info@2018verhalen.frl kinne jo jo oanpassingen trochjaan of trochjaan dat jo jo ferhaal net mear fertelle kinne.

Moat it oer in foarwerp gean? Mei wat oars ek?

In foarwerp is fan belang, mar dêr kin elkenien kreatyf mei oan de slach!

Volg ons op Facebook

Blijf op de hoogte

Volg ons op Facebook